elk hie syn stimme; de lidden fen ’t bistjûr waerden út de earlike
middelklasje nomd. Dy seagen de dingen better yn. De bilêsting, dy ’t
do bitelle waerd, dêr smieten se sa rom net mei om, dat moatte je my
consentearje.” “Ik wit fen obserwearjen, consentearjen, renewearjen,
constetúsje en contrebúsje neat ôf, sei de slachter; “mar det se net
mei ’t lânsjild omsmieten wit ik wol: hja strieken ’t do, dy ’t ’er efter
komme koe, ynfâldich yn hjar eigen bûse. Ik ha to minste in
representant kind, dy neijerhân folle krekter op syn spil waerd.” De
hoekman gong opstean, en bitelle hwet er fortard hie, en dat kaem
omdet it 8 ûre wier, ef omdet er sok praet net lije mocht; dat wit ik
net; mar ik miende, det ik him yn ’t foartgean sa hwet fen satisfaksje
mompeljen hearde. “Ik mei, forfolge de slachter, fen dy neakene
Fransken gjin praet hearre; it wierne mar ongemaklike útfenhûzers,
do ’t se hjir wierne. Ik haw ’ris ien yn kertier hawn, dy noaske it flêsk
net, dat ik him foarsette, mar ik wist wol rie for him; ik liet him ien
foar ien de hoeken fen de keamer sjen. Dêr waerd er sa folle better
fen, det er slûchstirtsjende oan de tafel gong, en friet fen ’t stoarn
keal det him de strôte knapte.” “Ha, ha, ha! dat is moai, foel Piter út;
dat is moai! Mar woen’se noch ’ris efkes werom komme om hjir de
kommizen, conterleurs, doarwaerders en ontfangers, troch ien strûp
nei de oare wrâld to stjûren, dat mei ’k wol lije. Den krije wy de
hânnen hwet rommer.” Tsjin dizze redenearring wier neat yn to
bringen, en sa dwaende krigen de steatsaken rêst, en ’t wier krekt eft
elk útpraet wier, dot ’t der in jong snidersfeintsje ynkaem, dy ’t in
glês mâlk-en-wetter easke, en mei in sigaerke yn de mûle heel eptich
en presys sitten gong to smoken. Dit wier in âld skipper, dy ’t nei ’t
foartgean fen Plinius it anker yn de hoeke fallen litten hie, sa ’t like,
mar matich nei it sin. Do ’t er him earst in skoft oansjoen hie, frege er
him, eft er yn de tarring wier. “Heare, né! sei er; ho nou?” “Wol, dat
tocht ik, om detste mâlk-en-wetter drinkste. Mar nou bigryp ik it al:
dou hearste, tink ik, oan it matigheidsgenootschap, dat forline jier to
Terherne oprjuchte is. Ha ’k gelyk ef net?” “Volkomen! sei it feintsje;
sont ik de krachtige tael fen de Folksbode lêzen ha, ha ’k de drank
stean litten as in ding, dat greate forwoasting yn de maetskippij
oanrjucht, en de foartgong fen de forljochting en biskavinge, dêr ’t ik
in great foarstander fen bin, heislik yn de wei stiet”.—“Dat sniders