fjûr.
“En nou okkerjouns wie ’t al wer sa,” seamele Kekke ienlûdich wei
foart. “Ik wit, hwa-t faei binne, mar oer myn lippen komt it net . . .
Sa scoe ’k dy wol mear sizze kinne . . .”
“It hoecht net. Ik wit wol . . . jy sjogge mear as in hopen. Ik woe
ek wol, det’k wiste, hwet for my weilein wie,” sei hja yn hjar ûnskild
wei.
“Wist hwet, ik scil dy de kaert efkes lizze. ’t Is mar in tataest,” en
Kekke wie al oerein en stiek de stânlampe op, do gyng hja om ’t hûs
en diich de lûken ticht en ’e pinnen derop binnedoar.
“Sjesa, siz mar, hwet woest witte, Sjouckje.”
“Det mei Date,” andere dy, flústrjende wei, “en as ’r ’t my mient . .
. Forline winter hat hy in set by my kaem en wy ha Hastinger merke
hâlden. En . . . nou . . . Tiisdeimoarne skreau skippers Likele my. Hy
woe komme Snein ’e wike.”
“Date is oars aerdich kreazer. Dy Likele is rounskouderich en ’t
stiet my foar, hy rint ek gâns tipelteannich. Mar der sitte sinten,
Sjouckje.”
“Ja,” suchte dy. En neist dy dûbbelde, lytse Likele seach hja Date
foar hjar, wol in holle greater as Likele en syn goedlike blauwe
eagen, dy-t hjar sa oansjen koene, det hja der altyd oars fen
waerde. For heite affearen hie hy net doochd en nou wie hy
ûndermaster to Nijlân en gyng Snjeontojouns faek nei hûs, nei
Nuttert en dy’s yn ’e Hastinger bûrren. Dy hiene der in greate
winkel, hja fortsjinnen jild as wetter.
Kekke nifele hwet mei de kaerten om en hie de eagen der stiif op.
Gjin inkele biweging fen Sjouck ûntgyng hjar en de djippe sucht lei
hja op hjar eigen wize út. Kekke hie in bulte minskekennisse, hja koe
lêze noch skriûwe, mar de minsken, dy koe se namsto better. Gjinien
hie ’t op hjar stean, der waerd’ hjar ek wol ris neijown, hja koe
tsjoene. En derom hie Kekke ek altyd sa’n sleet yn hjar bôle en
boltsjes, elts for oar hâldde hjar ljeafst ta frjeon en by ’t jongfolk hie
se sa’n ontsach, det hja kamen hjar net byneist as allinne, as hja yn