slaen? Houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta, ef moat
nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de stôk. Do gong se nei it fjûr ta, en
sei: Fjûr, fjûr! wolstou nin stôk barne? Stôk wol nin houn slaen, houn
wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta
dragen wirde. Né, sei it fjûr. Do gong se nei it wetter ta. Wetter,
wetter! wolstou nin fjûr úteaze? Fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin
houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs, ef
moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei it wetter. Do gong se nei de kou
ta. Kou, kou! wolstou nin wetter sline? Wetter wol gjin fjûr úteaze,
fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch
bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né,
sei de kou. Do gong it wyfke nei de line ta: Line, line! wolstou nin
okse bine? Okse wol nin wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr
wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch
bite, baerch wol net nei hûs ta, ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né,
sei de line. Do gong it wyfke nei de mûs ta: Mûs, mûs! wolstou nin
line koaije? line wol nin okse bine, okse wol nin wetter sline, wetter
wol nin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen,
houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs
ta dragen wirde. Né, sei de mûs. Do gong it âld wyfke nei de kat ta:
Kat, kat! wolstou nin mûs fange? mûs wol nin line koaije, line wol
nin okse bine, okse wol nin wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze,
fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch
bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Ja,
sei de poes, en do de kat efter de mûs, de mûs efter de line, de line
efter de okse, de okse efter it wetter, it wetter efter it fjûr, it fjûr efter
de stôk, de stôk efter de houn, de houn efter de baerch, en do....
De Niften fen Aldegea. En do sei it âlde wyfke fen hoarre, hoarre,
en do se thús kaem wier de baerch yn ’e skûrre. Ha, ha, ha! Dêr hat
beppe ús wol fyftichris mei yn ’e riften brocht.
Saske. Nou, Jieldouw trune ommers sa, en ik wit net oars. Jimme
binne ek sa keken.
Domenij. Dêr laitse jimme nou om, en it is ek in berneteltsje; mar
as jimm’ i’s wisten’ ho âld it is! Yn Ingelân is ’t ek; it is to lêzen yn in
berneboekje, dat se dêr noch by tûzenen útjane; en de Ingelsken