wierne, bliesden hja it ljocht út, en sochten elts in sliepsteed op, sa it
him bêst paste. It ezel gong op de rûchskerne lizzen, de houn efter de
doar, de kat op de plaet by de waerme yeske, en de hoanne gong op ’e
hoannebalken sitten; en omdet hja wirch wierne fen dat lange gean,
slepten hja ek al gau. Do it oer middennacht wier, en de rovers fen
fierren seagen, det ’er nin ljocht mear yn hjar hûs barnde, en it like
eft der nimmen mear yn wier, sei de opperste fen de rovers: wy
moasten ús dochs sa kel net meitsje litten hawwe, det wy as jonges sa
hird foartrounen. Do hjitte hy ien fen hjarren om de boel dêr ’ris to
ûndersiikjen. Dy foun alles stil en woe de lampe opstekke, en do
seach hy dy gleone eigen fen de kat for in koaltsje fjûr oan, en stiek
’er in swevelstôk yn eft it ek oanfinge woe. Mar de kat waerd razend,
sprong him yn ’t oansicht en bliesde en klaude syn bêst. Do forskrikte
dy man heislik, roun hird foart en woe de efterdoar út, mar de houn,
dy dêr laei, sprong op en biet him yn de skonk, en do hy oer it hiem
by de dongbult lâns roun, do joech it ezel him yette in slach mei de
efterpoat, det hy mjêk sei; en de hoanne, dy troch it geraes wekker
wirden wier op syn balke, rôp sa lûd as hy koe: kikeriki! Do roun de
rover sa hird as hy koe nei syn maets ta, en sei: och, yn dat hûs sit in
groulik hekse ef tsjoenster, dy hat my oanbliesd en mei hjar lange
fingers yn de troanje klaud, en after de doar stie in keardel, dy hat
my in mês yn de skonk stitsen; en op it hiem dêr laei in swart
pestdier, dy hat my noch in slach mei in grouwe kneppel op de keap
ta jown; en boppe op it tek dêr siet de rjochter, dy rôp: hâld de dief,
en bring de skelm hjir, en do makke ik det ik foart kaem. Do
bitrouden dy rovers hjar net langer yn dat hûs, mar de fjouwer
muzikanten fen Starum foldie it sa goed der yn, det hja der net wer út
woene.”
Do master dien hie, seine de jonges: “Hea, master, koene dy bisten
alear prate?”—“Ja, sei Master, en do hjitte de kou Bartele, en it keal
Tuetsje, en it skiep Berber, en de baerch Goasse, en it hynzer Hoppe,
en de mosk Tsjitse, en de dou Minne, en it sweltsje Sikke, en de hin
Aeltsje, en de hoanne Bokke, en de rôt Gerben, en de mûs Pytsje, en
de kat Matsen, en de houn Sibe, en de bolle Joast. En dy it forteltsje
net leauwe wol, dy scil in ryksdaelder boete bitelje.”—“Gean nou op